'Helje oar wurk nei Wâldsein'

28 jun 2010 - 17:03

De direksje fan ASR-fersekeringen wol besykje oare bedriuwen te ynteressearjen foar in festiging yn Wâldsein. Dat moat it ferlies fan 150 banen troch it sluten fan ASR kompinsearje. Dat hat de direkteur Jos Baten fan ASR moandei sein nei in petear mei in delegaasje fan de Twadde Keamer, de gemeente en de provinsje.

ASR komt net werom op it beslút om sels Wâldsein te ferlitten, sa waard moandei op 'e nij befestige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)