Keamerleden by ASR Wâldsein

28 jun 2010 - 14:00

Keamerleden fan VVD, PvdA en CDA bringe op dit stuit in besite oan ASR Verzekeringen yn Wâldsein. De politisy binne útnoege troch de provinsje en de gemeente. Dy besykje sa de oankundige sluting fan ASR te kearen. De direksje fan it bedriuw hat oankundige dat de fêstiging yn Wâldsein op 1 jannewaris 2012 ticht giet. Der ferdwine dan 150 arbeidsplakken.

Neffens provinsje en gemeente stiet dat heaks op it ryksbelied om wurk yn it Noarden te stimulearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)