Fjouwer gadingmakkers De Frosk

28 jun 2010 - 12:13

Der binne fjouwer gadingmakkers om swimbad De Frosk yn De Westereen oer te nimmen. Sy hawwe harren melden by de gemeente Dantumadiel. Dy wol it goed 30 jier âlde swimbad mei yngong fan takom jier slute omdat it net mear út kin en de gemeente de kommende jierren bot besunigje moat.

Swimclub ZPD Dantumadiel hat goeie hoop dat it swimbad dochs iepen bliuwe kin, no't der fjouwer oernamekandidaten binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)