Mear Friezen hawwe in dripper

28 jun 2010 - 11:37

It tal minsken yn Fryslân mei in geslachtssykte nimt ta. Der binne benammen mear minsken mei in dripper (gonnorroe), chlamydia en syfilis. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Sense Noord Nederland.

Dizze stichting testet minsken op soa's en jout foarljochting. Minsken doare mei in soa net sa gau nei de húsdokter. Neffens Sense Noord Nederland litte minsken harren faker teste op soa's en is it ek faker raak as yn de ôfrûne jierren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)