Frou Noardwâlde mishannele

In ynwenster (26) fan Noardwâlde is snein yn Wolvegea mishannele. De frou stie mei har auto parkeard oan de Atalanta doe't in ynwenner (28) fan Sânhuzen oanriden kaam. De man hie dronken en wie agressyf. Neidat de frou de autodoar iepen dien hie, pakte de man har beet en mishannele har.
Omstanners hawwe de man by har wei lutsen en dy is dêrnei fuort gien. De frou hat oanjefte dien tsjin de man, dy't moandeitemoarn oanhâlden is.