Fryske logopedisten yn aksje

Demisjonêr minister Klink fan folkssûnens
Fryske logopedisten meitsje har grutte soargen oer de besunigingsplannen fan minister Klink fan folkssûnens. Dy wol dat pasjinten foar eltse behanneling tsien euro eigen bydrage betelje. Neffens de Fryske logopedisten wurdt it sa foar in soad minsken ûnbetelber.
En dat wylst logopedy foar guon pasjinten needsaak is. Lykas foar te betiid berne poppes dy't mei help fan de logopedist leare om te slokken en minsken dy't in beroerte hân hawwe en wer leare moatte om te praten.