Plysje hâldt koperdieven oan

28 jun 2010 - 10:11

De plysje hat sneintenacht by in bedriuw oan de Doaniawei yn Hallum twa koperdieven oanhâlden. It giet om in 18-jierrige man út Apeldoarn en in 20-jierrige ynwenner fan Warnsveld.

In wurknimmer fan it bedriuw hearde lûden op it dak en warskôge de plysje. Dêrtroch koene de beide dieven op it plak fan it misdriuw oanhâlden wurde. Op it dak fûnen de plysje rôlen mei koper. Beide fertochten binne meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)