Partoer Wind wint yn Huzum

Fenna Zeinstra (argyffoto Henk Bootsma)
De haadklasse froulju keatsten snein yn Huzum in frije formaasjepartij. Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema wûnen de finale op 5-3 en 6-4 fan Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. De lytse preemje wie yn Ljouwert foar it partoer Maaike Joostema, Baukje Aalbers en Aukje van Kuiken.
Sjoukje Visser wûn sneon ek al de earste priis mei it partoer fan Lisette Wagenaar yn Dokkum.