Iebrêge Dokkum bliuwt iepen

27 jun 2010 - 17:06

De Iebrêge yn Dokkum kin net brûkt wurde troch autoferkear. De boppeste laach fan it asfalt lit los en dêrtroch is de dyk te glêd om oer te riden.

De gemeente hat dêrom sneintemiddei besletten om de brêge iepen stean te litten. De boaten kinne der dêrtroch gewoan lâns. It autoferkear moat omride oer de Lauwerseewei. De brêge bliuwt yn alle gefallen oant moandei omheech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)