Aksje: meld eigen bydrage

(argyffoto)
Soarchbelang Fryslân begjint moandei mei in meldaksje. Minsken dy't in eigen bydrage betelje moatte foar lúkse, ekstra tsjinsten yn soarchynstellings, kinne dat op de webside fan Soarchbelang oanjaan.
De ynstelling wol witte foar hokker tsjinsten minsken sels jild bylizze moatte. De útkomsten wurde bepraat mei fersekerders en soarchkantoaren. Guon tsjinsten hearre yn it basispakket thús, fynt Soarchbelang.