Plysje pakt helers op

27 jun 2010 - 13:12

De plysje hat sneon yn Ljouwert twa ynwenners fan de haadstêd oanhâlden. De mannen (43 en 49 jier) wurde fertocht fan heling.

De plysjeman seach de mannen op in nije fyts riden en fertroude dat net. De mannen, bekenden fan de plysje, moasten stopje. Nei kontrôle die bliken dat de fyts stellen wie. De mannen binne heard en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)