Autobrân yn Ljouwert

© Nieuwsuitfriesland.nl, Robert-Jan Boonstra
Op de earste ferdjipping fan de parkeargaraazje fan de Aegon oan de Langemarktstraat yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in auto útbaarnd. De eigener hat dêrby safolle reek binnen krigen dat er behannele wurde moast troch ambulânsepersoniel.
De brânwacht fan Ljouwert waard oproppen om it fjoer te blussen. Dy koe foarkomme dat der mear auto's ferlern giene. De brânwacht hat dêrnei in fentilator ynset om de reek út de garaazje te blazen.