Postrinners TNT krije dien

Hûnderten Fryske postrinners komme op strjitte te stean. TNT jout lanlik 15.000 minsken dien. It giet om minsken mei mear as 25 oeren. It post besoargjen sil yn de takomst folslein troch parttimers dien wurde.
Oarsaak is privatisearing, dus mear konkurrinsje en mear mailferkear en dus minder post. It fakbûn seach wol oare mooglikheden, mar de wurknimmers krigen freed in brief mei it minne nijs. Nei de simmer krije de minsken in persoanlike brief oer de gefolgen.