Ungelok by Hichtum en De Geast

© Omrop Fryslân
In frou (40) út Wommels en in man (38) út Kûbaard rekken freedtejûn ferwûne by Hichtum. Op de krusing fan de Westergoawei nei Wommels krige de man gjin foarrang fan de frou. Beide binne nei it sikehûs brocht.
In jonge (18) út Ferwert rekke freed ferwûne by in ûngelok yn Rinsumageast. Hy siet yn de auto fan in man (34) út Blije. Dy rekke de macht oer it stjoer kwyt. Doe't er besocht op de dyk te kommen, sloech de auto oer de kop. De jonge is nei it sikehûs brocht.