Mear kâns subsydzje Opsterlân

jild © ANP XTRA
Eveneminten yn de doarpen fan Opsterlân meitsje gruttere kâns op subsydzje fan de gemeente. Oant no ta moast in bydrage al yn jannewaris oanfrege wurde en wie it beskikbere bedrach faak yn maart al op. Ideeën foar eveneminten dy't pas letter yn it jier ûntstienen koenen dêrtoch net honorearre wurde.
By de nije regeling kin op trije mominten yn it jier subsydzje oanfrege wurde. It maksimale bedrach per evenemint giet wol wat nei ûnderen, fan 1000 nei 750 euro.
It nije subsydzjebelied komt der op foarstel fan Opsterlands Belang.