Soad animo wenten Harinxmaland

Foar de enerzjysunige hierwenten yn Snits is al in soad belangstelling. Dat seit Wenningkorporaasje Accolade dy't de earste 80 wenten yn de wyk Harinxmaland bout. Accolade docht dat yn gearwurking mei de gemeente en VDM Woningen. Yn de wenwyk is plak foar 1300 enerzjysunige wenten.
Ein dit jier begjint de bou. De ûntwikkelers ha fan it Ryk in heal miljoen euro subsydzje krigen foar it plan. Alles is elektrysk, der wurde gjin gasliedings oanlein.