Holwerter komt om by ûngelok

In 45-jierrige ynwenner fan Holwert is freedtenacht ferstoarn by in iensidich ûngelok op de A6 by Bant. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam ta stilstân yn de berm. De bestjoerder rekke dêrby beknypt.
Krekt nei fjouwer oere krige de plysje in melding fan in frachtweinsjauffeur dy't de auto fan de Holwerter yn de berm stean sjoen hie. Doe't de plysje oankaam, wie de man ferstoarn.