Wapene oerfal tankstasjon

It Texaco-tankstasjon oan de A7 by Terwispel is yn de nacht fan freed op sneon oerfallen. De oerfaller stapte nei binnen en bedrige de meiwurkster mei in pistoal. De man naaide út mei in ûnbekend jildbedrach. Hy gie nei it parkearplak achter it tankstasjon en is der út it sicht ferdwûn.
De meiwurkster kaam mei de skrik frij, mar wie bot oandien troch de oerfal. Har is slachtofferhelp oanbean. De oerfaller is in blanke man fan 25 oant 30 jier en 1.85 meter lang.