Dútser ferstoarn by Tsjûkemar

De ynset fan ferskate helptsjinsten hat freed net foarkomme kinnen dat in Dútse man by Ychten ferstoarn is. De man waard net goed doe't er mei syn boat by it eilân Marchjepolle lei en foel yn it wetter. De ynskeakele brânwacht en provinsjale wettersteat hawwe de man út it wetter helle en nei parkearplak De Lanen fearn.
Op it parkearplak hat in dokter besocht de man te reanimearjen. Dy dokter wie ynflein mei in helikopter. De help kaam lykwols te let.