Orka Morgan hat ynfeksje

25 jun 2010 - 18:23

Orka Morgan hat in ynwindige ynfeksje. Dat hawwe bistedokters fan it Dolfinarium yn Hurderwyk konstatearre. Dêr wurdt Morgan op dit stuit opfong, neidat se woansdei út de Waadse rêden waard. Om wat foar ynfeksje it giet moat noch fierder ûndersocht wurde. Wol krijt de orka yntusken medisinen.

Neffens de feedokters is de sitewaasje fan it bist net mear libbensbedriigjend, mar moat se noch wol hieltyd yn 'e gaten hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)