Krityk op stoomlieding Frisia

© Omrop Fryslân
Omwenjenden dy't stride tsjin de komst fan in hegedruk stoomlieding tusken Frisia sâlt en de nije ôffalsintrale yn Harns ha krityk op de wize wêrop wetterskip Fryslan dêrfoar tastimming jout. De lieding is nedich om de enerzjy dy't oerbliuwt nei it ferbaarnen fan it ôffal te ferfieren nei Frisia sâlt. Dat smyt minder CO2 útstjit op.
Freed wie der in harksit oer yn Ljouwert troch de beswierkommisje fan it wetterskip.