Blau-alch yn De Westereen

Warskôgingsboerd yn it wetter fan it swimmersplak (foto: Henk Koster 112 Nederlân)
Der mei foarearst net swommen wurde yn it wetter fan it swimmersplak yn De Westereen. Dat hat de gemeente Dantumadiel besletten omdat der blau-alch yn it wetter fûn is.
Blau-alch kin skealik wêze as minsken de alch binnen krije. De gemeente hat buordsjes by it Swemmersplak delset, dêr't it swimferbod op oanjûn stiet.