Brân by stielbedriuw H'fean

De brânwacht op it terrein fan Nederhoed Staalbouw
De brânwacht hat freed by Nederhoed Staalbouw oan de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean in brân útmakke. Yn it bedriuw is freed flak nei tolven brân ûntstien yn in ôfsûchkap. It personiel is út it gebou helle, net ien fan harren is ferwûne rekke.
Neffens de lêste berjochten liket de brân ûnder kontrôle. Hoe grut de skea krekt is, is noch net bekend. It bedriuw rûst de skea op op syn minst in ton.