Priis foar kemping 't Hout

© Omrop Fryslân
Kemping 't Hout yn Bakkefean is de meast fernijende kamping fan Fryslân. Dy priis hat de direksje fan it fakânsjesintrum yn de bosk fan Bakkefean krigen fan de Recron.
Yn Nederlân stiet 't Hout op it tredde plak. It fernijende sit benammen yn de wize wêrop de kamping gearwurket mei oare ûndernimmers yn de omjouwing. Sa binne der arranzjeminten mei restaurant de Stripe yn Wynjewâld, de maneezje yn Bakkefean en in boateferhierbedriuw yn Earnewâld.