Goed begjin Marit Bouwmeester

03 apr 2012 - 06:28

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei de earste dei fan it wrâldbekertoernoai op de Middellânske See by Mallorca op it sechde plak. Dat helle se troch yn de earste race yn de Laser Radialklasse op it 11e plak te einigjen, mar yn de race dêrnei as earste oer de streek te kommen.

Har broer Roelof Bouwmeester is it toernoai minder goed begûn. Hy kaam op de earste dei yn de Laser net fierder as it 44e plak. Pieter-Jan Postma stiet nei twa races yn de Finn op it tolfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)