Stakingsdriging by DE

Meiwurkers fan Douwe Egberts sille mooglik stake omdat se ûntefreden binne oer ûnderhannelings foar in nije CAO. Sara Lee, it memmebedriuw fan DE, stelt as betingst dat in leansferheaging keppele wurdt oan nije ôfspraken oer de pensjoenen. Fakbûn FNV Bondgenoten fynt dit sjantaazje.
It leanbod fan 1,15 persint fine leden fan it bûn beslist te leech. It fakbûn sil mei personiel prate oer mooglike aksjes. By it DE-fabryk op De Jouwer wurkje goed 450 minsken.