Undernimmersklimaat wat better

25 jun 2010 - 10:10

It ûndernimmersklimaat yn Ljouwert giet foarút. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ministearje fan Ekonomyske Saken tusken 2005 en no. By de nulmjitting yn 2005 siet Ljouwert mei in 6,4 noch wat ûnder de trochsneed fan 6,5 fan 'e 31 grutste gemeenten yn Nederlân.

By de einmjitting docht bliken dat Ljouwert by it gemiddelde oanslút. Dat stiet no op in 6,8. By de mjitting wurdt sjoen nei saken as berikberens, feiligens en beskikbere romte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)