Twa deaden by ûngelok Ljouwert

03 apr 2012 - 06:04

By in ûngelok op de Poptawei yn Ljouwert binne yn de nacht fan moandei op tiisdei twa minsken om it libben kaam. It giet om in 22-jierrige bestjoerder en syn 23-jierrige passazjier, beide út Ljouwert. Harren auto fleach troch noch ûnbekende oarsaak út in bocht en bedarre dêrnei yn 'e feart. Doe't de helptsjinsten oankamen koene dy al neat mear foar de twa dwaan.

Om der wis fan te wêzen dat net noch mear minsken yn 'e auto sieten, hawwe dûkers it wetter trochsocht. Sy hawwe net ien mear fûn.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok auto Poptawei
(advertinsje)