Easternijtsjerk is Chinatown

Yn Easternijtsjerk hingje Sineeske flagen yn strjitten. Bewenners ha ek buordsjes mei Sineeske teksten by har wenning stean. Ien en oar hat te krijen mei it doarpsfeest dat hjoed begûn is. It tema is diskear lannen en kultueren. En dat ferklearret wêrom't ynwenners har strjitte of buertsje fersierd ha mei ûnder oaren Sineeske lampions.
It doarpsfeest yn Easternijtsjerk duorret oant en mei snein.