Mear gearwurking stêden

24 jun 2010 - 19:51

Stêden yn Noard-Nederlân moatte ophâlde elkoars konkurrinten te wêzen. Dat skriuwt de Sosjaal Ekonomyske Ried, de SER, fan Noard-Nederlân yn in advys oan de noardlike provinsjes. Alle stêden tusken rûchwei Snits, Grins en Assen soene meielkoar plannen meitsje moatte foar de takomst. Dus ek ûnderling ôfprate op watfoar plak watfoar projekt opsetten wurdt.

Sa moat foarkaam wurde dat der op twa plakken yn it noarden op itselde momint inselde projekt plakfynt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)