Platekontrakt foar Ilanois

24 jun 2010 - 18:28

De Fryske band Ilanois ûndertekenet takom wike in platekontrakt by it label Pias. By dizze maatskippij sitte ûnder oaren ek de Nederlânske bands Moke, Voicst en Racoon. Ilanois naam earder dit jier yn Ingelân in album op mei producer Simon Gogerly. Dy wurke earder mei bands as U2, No Doubt en sjongeres Nelly Furtado.

Foar sjonger Ilan Palstra fan Ilanois is it kontrakt in dream dy't útkomt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)