Grut jacht yn Makkum oankaam

24 jun 2010 - 15:42

By skipswerf De Vries yn Makkum is it kasko fan in nij jacht binnenkaam. It earste diel fan it jacht is yn Papendrecht makke. It 88 meter lange jacht leit no noch bûten, mar ferdwynt mei koarten nei binnen. Der bliuwt it oardel jier lizzen om ôfboud te wurden.

It jacht wurdt yn 2011 oplevere. Wa't de eigner fan it skip is kin de werf net sizze, lykas wat it kostet. It bedriuw is ek dwaande mei de tarieding foar in jacht fan 99 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)