Undersyk nei dea Minnertsgea

It iepenbier ministearje is in ûndersyk begûn nei de dea fan de man yn Minnertsgea. Famyljeleden wurde heard as fertochten. Der wurdt besjoen of se skuldich binne oan 'it ferlitten fan in persoan dy't help nedich hat, mei de dea as gefolch'.
De man hat fjouwer jier lang dea op de souder fan it hûs lein. Tsjin syn broers en susters, dy't yn it hûs wenje, hie er sein dat se him mei rêst litte moasten.