VC Ljouwert kin nei B-league

24 jun 2010 - 13:44

De follybalsters fan VC Ljouwert komme takom jier mooglik dochs út yn de B-league. Om't Abcoude him weromlutsen hat út de kompetysje komt der in plak frij, dat ynfuld wurde kin troch Ljouwert.

Om't de Ljouwerters dit jier yn de finale fan de neikompetysje ferlearen fan Flamingo's '56, binne sy de earste partij dy't yn oanmerking komt. VC Ljouwert moat foar 3 july oan it follybalbûn NEVOBO witte litte of't se yn de B-league spylje wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)