Ekstra kontrôle hûnen seedyk

24 jun 2010 - 13:29

Wetterskip Fryslân kontrolearret de kommende tiid ekstra op losrinnende hûnen op seediken. Dat is al ferbean, omdat der faak ek skiep op de diken rinne, mar ek omdat it net goed is foar it gers.

Hûnen grave geregeld gatten yn it gers en dat hat gefolgen foar de kwaliteit en de stevichheid fan de wetterkearingen. Minsken dy't de hûnen dochs loslitte op de seedyk kinne in boete krije fan 60 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)