Minder donateurs Fûgelpits

Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits
De Fûgelpits yn Moddergat is yn koarte tiid hûndert donateurs en in grutte sponsor kwytrekke. De fûgelpits hat no noch goed 1500 minsken dy't jierliks mei fiif euro de opfang stypje. Noch dit jier sil in kampanje opset wurde om wer mear nije donateurs en sponsoren te winnen.
Eigner Gaatske Wiersma ferwachtet dat de oaljeramp yn de Golf fan Meksiko minsken sjen lit hoe belangryk de opfang en fersoarging fan oaljefûgels is.