'Gjin boaiemdelgong Finkegea'

24 jun 2010 - 12:42

By gaswinning by Finkegea sille omwenners gjin lêst ha fan boaiemdelgong. Dat seit gaswinningsbedriuw Vermillion. It bedriuw wol begjin takom jier begjinne mei de winning fan gas op in boarlokaasje by Finkegea.

Der binne ek proefboarings dien op in lokaasje by De Hoeve, mar dêr wurdt earst noch neier ûndersyk dien. Woansdei ynformearre Vermillion de doarpsbewenners oer de mooglike gefolgen fan de gaswinning by Finkegea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)