Sjauffeurs genôch yn Fryslân

It is foar transportbedriuwen yn Fryslân oer it generaal net dreech om oan sjauffeurs te kommen. Dat seit Reinsma fan Transport & Logistyk Noard-Nederlân. De sektor liet ûndersyk dwaan en dêrút die bliken, dat der yn 2015 yn hiel Nederlân 58-tûzen sjauffeurs te min binne.
Dat it probleem yn Fryslân minder spilet, hat neffens Reinsma te krijen mei it feit dat der yn Fryslân in soad lytse famyljebedriuwen binne. Dêr is de animo noch wol hiel grut.