Motorrider fan de dyk riden

24 jun 2010 - 10:15

In 48-jierrige motorrider fan De Jouwer is woansdei yn syn wenplak ferwûne rekke neidat in frachtwein him fan de dyk ried. De bestjoerder fan de frachtauto, in 20-jierrige man út Finsterwolde, woe op de Innovatielaan rjochtsôf slaan. Syn oplizzer kaam lykwols oer de oare helte fan de dyk hinne.

De motorrider kaam fan de oare kant en koe de oplizzer net mear ûntwike. Hy is mei ferwûnings oan syn ribben oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)