Man delstutsen yn Ljouwert

24 jun 2010 - 10:10

Yn Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 55-jierrige man delstutsen. De man komt sels ek út Ljouwert. De stekpartij wie op de Gerard Terbochstrjitte. De plysje wie gau te plak, mar de dieders wiene al fuort.

Neffens tsjûgen giet it om twa Noard-Afrikaanske manlju, dy't yn in auto útnaaiden yn de rjochting fan de Skrâns. It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)