Munysje fûn by man yn Boalsert

De EOD tongersdei yn aksje yn Boalsert (foto: Rudy Bouma)
Yn Boalsert is woansdei munysje út de Twadde Wrâldoarloch fûn. De munysje lei by in 18-jierrige man út Boalsert thús. De plysje hie dêr tips oer binnenkrigen. Woansdeitemoarn gie de plysje by de man del en naam de munysje yn beslach.
It grutste part wie al ûnskealik makke, in part stie lykwols noch op skerp. De Explosieven Opruimingsdienst, de EOD, makket dy tongersdei ûnskealik.