Wer brief Mata Hari yn museum
It Fries Museum hat wer in brief fan Mata Hari yn it besit krigen. Dat is neffens it museum sels bysûnder, omdat brieven fan Mata Hari hast nea op de merk komme. Begjin dit jier presintearre it Fries Museum ek al twa brieven.
Yn dizze brief út 1911 skriuwt Mata Hari oer in kontrakt mei it Teatro alla Scala yn Milaan, yn dy tiid ien fan de meast ferneamde teaters yn Europa.