Frysk rekôr Hiske Galama

Frysk rekôr foar Hiske Galama (foto: Martin de Jong)
Hiske Galama hat yn Burgum in nij Frysk rekôr by de froulju ljept. De Haulster sprong 16.33 meter en ferbettere sa it âlde rekôr fan Anna Jet Leyenaar mei 27 sentimeter. By de senioaren wiene der twa 20 meter sprongen. Bart Helmholt wûn mei 20.78, de fierste ôfstân dit seizoen. Thewis Hobma ferbettere syn pr nei 20.28.
Gregor Boelens ferlear foar it earst dit seizoen by de jonges. Age Hulder wie mei 16.14 de bêste. Alwin Fonk wûn mei 18.58 by de junioaren.