Orka fongen yn Waadsee

23 jun 2010 - 21:41

Yn de Waadsee tusken It Amelân en Lauwerseach is woansdeitejûn in orka fongen. It bysûndere bist fan 3,5 meter lang waard tiisdei foar it earst sjoen troch meiwurkers fan it ministearje fan LNV. Omdat it bist ferswakt wie, besochten meiwurkers fan LNV en fan it dolfinarium yn Harderwijk it bist te fangen. En mei sukses!

De tastân fan de orka is krityk. Neffens de deskundigen hat it bist in skoft gjin fretten hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)