Mear treinen Swol-Ljouwert
Der sille yn de takomst mear treinen ride tusken Swol en Ljouwert. Op dit stuit ride der twa treinen yn de oere, mar dat oantal wurdt ferdûbele. It is it gefolch fan in moasje fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie dy't stipe waard troch it CDA.
It is de bedoeling dat de tredde trein yn 2012 ride sil. Wannear't de fjirde ynset wurdt, is noch net hielendal bekend. Deputearre Piet Adema wie by it debat yn Den Haach.