SC Hearrenfean wer yn training
Foar de Sportklup Hearrenfean en de nije trainer Ron Jans sit de fakânsje derop. Woansdeitemiddei stie de earste training foar it nije seizoen op it programma. Op in waarm sportpark Skoatterwâld seagen in protte minsken nei it switten fan de seleksje.
Der is noch gjin dúdlikens oer it oanlûken fan ferdigener Youssef El-Akchaoui. Dy hat yn april in kûtbonke brutsen. As er ynkoarten wer hielendal fit is, wol Hearrenfean him der graach by ha.
Trefwurden:
argyf