Harns:twa wethâlders fan bûten

Maria le Roy út Sieusk-Flaanderen is ien fan de twa kandidaat-wethâlders
Jan Albert de Boer út Zwaag yn Noard-Hollân en Maria le Roy út Hulst yn Seelân wurde nei alle gedachten de nije wethâlders fan Harns. De fertouwenskommisje hat de twa keazen út de sollisitaasjeproseduere. 65 minsken hiene reagearre op de fakatuere foar wethâlder yn Harns.
De bedoeling fan de Harnzer polityk wie fral om wethâlders te finen dy't polityk en boarger tichter byinoar bringe kinne. De Boer sit sûnt 2002 yn de polityk yn Noard-Hollân.