Kafee fan Blije giet wer iepen

23 jun 2010 - 15:00

Yn Blije giet kafee De Tap wer iepen om de leefberens yn it doarp te fergrutsjen. Stichting Dorp en Bedrijf Friesland hat de 400 jier âlde kroech kocht en opknapt. Om krimp foar te kommen en te soargjen dat in doarp leefber bliuwt binne foarsjennings nedich, mar dy binne der yn Blije hast net mear.

It kafee is dêrom wichtich en net allinnich om in slokje te drinken. Yn buordoarp Marrum is ferline wike in kafee dat te keap stie kreake.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)