Nije plannen Nij Toutenburg

23 jun 2010 - 12:29

Nij Toutenburg yn Noardburgum krijt in nije bestemming. Op Nij Toutenburg wenje âlderen en minsken mei psychyske klachten. Soarchgroep Noorderbreedte hat besletten dat der nijbou op it terrein komt foar allinnich âlderein mei psychyske klachten of Korsakov.

Oer fiif jier moat it nije gebou der stean en it âlde gebou sloopt wêze. Der sil dan plak wêze foar tusken de 70 en 100 minsken. No wenje der noch goed 170 minsken yn Nij Toutenburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)