Krol: gjin idee fan stjergefal

23 jun 2010 - 12:15

De gemeente It Bilt hie neat dwaan kinnen om foar te kommen dat in man út Minnertsgea fjouwer jier lang dea yn syn hûs lei. De gemeente hat nea sinjalen krigen dat der wat mis wêze soe mei de man of syn famylje. Dat seit boargemaster Gerrit Krol.

It lichem fan de man waard moandei fûn yn in hûs oan de Winsemiusstrjitte. De famylje fan de man, twa bruorren en twa susters, wennen al dy tiid gewoan yn itselde hûs. It giet om in 50-jierrige man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)